Cookie beleid vv Eastermar

De website van vv Eastermar is in technisch beheer van VoetbalAssist en gebruikt cookies. Hieronder de cookies waar we je toestemming voor nodig hebben. Lees ons cookiebeleid voor meer informatie.

Functionele cookies

Voor een goede werking van de website worden deze cookies altijd geplaatst.

Analytische cookies

Binnen de site worden er op dit moment geen analytische cookies gebruikt.

Marketing cookies

Facebook Toestaan Niet toestaan

Historie

Historie

Inleiding

De eerste voetballers in Eastermar waren de jongens die voor en na schooltijd een balletje trapten op het veldje achter de Chr. Nat. School op ’t Heechsân. Dat gebeurde in de vijftiger jaren van de vorige eeuw. De jongens die daaraan meededen verloren het enthousiasme voor ‘hun’ sport niet toen zij ouder werden. Zij legden, geholpen door een aantal oudere enthousiastelingen, de basis voor wat later de Voetbal Vereniging Eastermar zou worden.

Behyplike start

Dizze basis waard yn 1969 in hecht fûnemint doe’t in stinsele oprop oan ‘e sportleafhawwers yn ’t doarp in kloft jongbazen nei kafee ‘Meerzicht’ lokke. Dêr waard op 6 juny de fuotbalferiening offisjeel oprjochte. Hjirnei gie it rap, want de ledelist mei krapoan 70 nammen koe al yn augustus nei de KNVB stjoerd wurde. Der waard in bestjoer keazen dat út seis man bestie. Dizze pioniers wienen: Jelle Hamstra (foarsitter), Ids Groenewoud (sikretaris), Piet Swart (ponghâlder), Bart de Jong, Ale Nijboer en Jappie Tillema (bestjoersleden). Mei help fan master R.M. de Vries út ‘e Drachtster Pein koenen de nedige formaliteiten ôfhannele wurde. In trener, Klaas Gorter, waard oanhelle foar de beide senioare-alvetallen. Der kaam in ôfspraak om op tongersdeitejûn te trenen op it fjildsje achter de beukerskoalle fan doe, wat no ’t Hof hyt. Dat moast, want it fjildsje achter de C.N.S. hie tefolle te lijen fan it yntensive gebrûk. De jeugdploegen treenden ek achter de beukerskoalle en wol op freedtejûn (B’s) en moandei-, tiisdei- en woansdeitejûn (welpen).

De wedstriden, earst oefenpotsjes tsjin ‘bierploegen’ en ferienings út de omkriten, waarden spile op in stikje greide oan de Grote Hornstweg tusken de nû’s 14 en 16. Dat ‘fjild’ hie de minimale maten en it publyk koe eins mar oan ien lange kant stean.

Dochs moast ek dit minimale fjildsje klear makke wurde foar kompetysjewedstriden en dat koste nochal wat. De ponghâlder fan doe stapte nei de pleatslike RABO-bank en krige dêr in liening fan 3000 gûne los, mar dan moasten de hearen bestjoersleden èn har dames persoanlik boarch stean en derfoar tekenje wolle. Sa grut wie it entûsjasme dat elk syn poatsje ûnder it formulier ta kredytferliening sette. Doe koe it bestjoer oergean ta oanskaf fan doelen, netten, ballen, kalkark, hoekflaggen, ensfh.

It bleau lykwols behelpen dêr oan ‘e Grutte Hoarnst: as der op de iene goal mist waard fleach de bal oer de Grote Hornstweg en by achter de oare goal moast de bal soms út ‘e groppe fan ‘e oangrinzjende stâl helle wurde. Net by dit spylfjild en ek net by it treningsfjild wienen klaairomtes. Om oer dûsjes mar te swijen. De skiedsrjochter hie by it spylfjild in hokje fan 1x1 meter ta syn foldwaan en koe him dêr allinnich mar omklaaie… Dat alles beynfloede de ynset fan spilers net. Dat waard bewiisd troch de útslach fan ‘e earste offisjele kompetysjewedstriid fan VVE 1: thús waard De Sweach zm2 mei 7 – 1 oprôle. In oar opmerklik feit wie dat V.V.E. 2 syn earste kompetysjetreffen yn ‘e Pein tsjin ONT mei 14 – 0 ferlear en dat makke de doelman fan de Eastermarders sa poerlilk, dat er foar it einsinjaal it fjild ferliet.

Verhuizing

Zo kreeg de jonge vereniging te maken met sportieve hoogte- en dieptepunten. Als voorbeeld van het laatste waren de schorsingen die de topscorer van de club (van de 72 doelpunten in één seizoen maakte hij er 54!) moest ondergaan. Hèt hoogtepunt uit die beginjaren, seizoen 1970 – 1971, was de gewonnen kampioenswedstrijd tegen BCV 3 in de hoofdplaats: uitslag 2 – 6 en promotie uit de 4-de klas Friese VoetbalBond (F.V.B), wat als doelstelling was gesteld door de trainer voor dat seizoen.

Ja, ja, de V.V.E. was z’n tijd ver vooruit!

Naast de verhuizing naar een hogere klasse, ging de club in 1971 ook spelen op een andere locatie: het terrein in de ‘punt’ van kruising Grote Hornstweg - Zwarteweg, waar nu de seniorenwoonvorm ‘De Nije Hoarnst’ staat en de volkstuintjes liggen. Deze plaats werd door de gemeente als een tijdelijke oplossing aangemerkt. Die tijdelijkheid duurde tot en met seizoen ’76-’77.

Vooraan, tegen de Grote Hornstweg aan, lag het trainingsveldje, want het veldje achter de kleuterschool werd bouwterrein voor de nieuwe wijk ’t Hof. Achter dit veldje kwam het speelveld, dat eigenlijk te smal was. Zo kon ook hier het publiek maar aan een lange kant, langs de Zwarteweg, staan. Maar dan wel achter een afscheiding van palen en buizen. Dat materiaal werd door de gemeente beschikbaar gesteld en door vrijwilligers uit het dorp geplaatst. Aan de andere lange zijde was geen afrastering en liep de zijlijn op nog geen twee meter van een sloot met elzensingel. Toch gaf de F.V.B. van toen toestemming om daar te spelen.

Een hok – dankzij een gunstig bedongen prijs door penningmeester Piet Swart overgenomen van bouwbedrijf Swart (zijn vader dus) – werd bijgebouwd met daarin twee kleedruimten voor ‘thuis’ en ‘gasten’ en een ‘scheidsrechterskast’. Buiten dit hok stond een paal met daarop een buitenkraan die, via een stuk tuinslang, water kreeg van de naastgelegen slagerij. Dit vormde de wasgelegenheid. In de pauze van de wedstrijden zorgde de uitbaatster van café ‘Meerzicht’, Anneke van der Meulen, voor thee á raison van een rijksdaalder. Annekes steun-en-toeverlaat Mient van der Sluis bracht fietsend de volle theeketel en koppen in een mand naar ‘het stadion’. Het was allemaal lang niet optimaal, maar ten opzichte van de eerdere ‘accommodatie Grote Hornstweg’ toch een vooruitgang.

Deze verbetering had echter een nadelige invloed op de financiële positie van de V.V. Eastermar en er werd besloten om jaarlijks een bazaar te organiseren. De eerste werd gehouden in september 1971, bracht 2300 gulden op en bracht de club weer in de zwarte cijfers.

Nei ‘De Burgerkamp’

Al hoe behyplik de materiële (fjild, finânsjes, útrissing) doe ek wie, de mentaliteit fan ‘e leden, donateurs en supporters hie der net ûnder te lijen. De feriening groeide en der waard mei ynmoed fuotballe. It tal alvetallen naam ta. Foar it seizoen ’76 – ’77 koenen bgl. 7 alvetallen ynskreaun wurde by de KNVB ôfd. Fryslân, koartwei de F.V.B. Dat wienen 3 senioare-, 1 A-junioare-, 1 B-junioare-, 1 A pupille- (10/12 jr.) en 1 B pupilletiim (8/10 jr.). Yn in earder seizoen die koe sels in damesalvetal oanmeld wurde.

In oare ploech aktivelingen sette yn 1975 de fuotbalkrante ‘Rollend Contact’ op. De start fan dit stinsele klubblêd wie flitsend, al wienen der bytiden wat problemen mei

de besoarging fan it ferieningsorgaan. Dat die bliken op in ledegearkomste ein 70-er jierren doe't ien fan ‘e leden de fraach stelde: ”Kin dat ‘Contact’ ek oan ‘e Heidbuorren ta rôlje?”

Foar bestjoersfunksjes waarden yn ’t doarp minsken fûn dy’t har mei hert en siel ynsetten foar de feriening. Yn 1977 waard ôfskie naam fan de foarsitter Jelle Hamstra, de man fan ’t earste oere. Yn dy earste jierren hie Jelle it as Eastermarder ûndernimmer – Jelle wie molkboer en sutele mei syn SRV-wein de suvelprodukten út, wylst syn frou yn ‘e winkel stie – it net altiten maklik mei de dûbelrol foarsitter/win-kelman. Hy fertelde dat der wolris skeel wie mei âlden fan jeugdleden: “As myn bern net op dat-of-dat plak yn ’t tiim meispylje kin, sjochst my net wer yn ‘e karre of winkel…”

Jelle syn opfolger waard Roelof Annema, de boppemaster fan ‘e Chr. Nat. Skoalle. Dy ferfulde dizze funksje oant 1994 en hy hie net te krijen mei ditsoarte akkefytsjes. .

Hy moat as foarsitter wol daliks oan ‘e bak, want de fuotballers koenen einliks, ja-ja einliks (!) teplak op in echt sportkompleks. Nei in hiel skoft fan brieveskriuwerij, petearen mei amtners, fragen fan ‘e F.V.B.-meiwurkers en sels drigeminten rjochting it gemeentebestjoer kaam it klear: sportkompleks ‘De Burgerkamp’ waard yn gebrûk naam. It gegriem op ’t fjild by de Grutte Hoarnst/Swartewei wie oer!

Op 22 oktober 1977 iepene wethâlder Atse Berend Atsma, ek ynwenner fan Eastermar, de nije akkomodaasje oan ’t Hof. It lei der prachtich hinne mei twa spylfjilden, in treningshoeke, in fiks spylfjild/treningsromte foar de kuorballers fan ‘De Oanhâlder Wint’ (D.O.W.), in kantinegebou mei ferklaairomtes. Neist dat bouwurk waard ek de nije gimmestykseal yn gebrûk naam. Dêr koenen de skoal- en ferieningsgimlessen, follybal en yn ’t winterskoft foar de jongsten fuotbal- en kuorbaltreningen plakfine.

Yn syn iepeningstaspraak stuts Atsma ek de loftrompet oer dizze nije oanwinsten foar it doarp. Hy hie lykwols wol in opmerking “ter leringhe ende fermaek” yn petto: “Ik kom wol op mear sportakkomodaasjes en dan sjoch ik dêr al dy reklamebuorden lâns de fjilden. Minsken, dy bûnte flikkerij moat wy hjir net ha…”

Eins wie dat al in achterhelle opmerking, want it fenomeen ‘sponsoring’ hie al in fêst plak yn ‘e struktuer fan ‘e V.V.E. De ploegen spilen al mei bedriuwsbyldmerken op har tenue en rûnen mei sporttassen dy’t beprinte wienen mei de namme fan in winkel of horeka-gelegenheid. De komst fan reklamebuorden om it fjild liet doe ek net lang op him wachtsje.

Under it bewâld fan Annema waard der ek in jeugdkommisje ynstallearre en dat skeelde yn it bestjoerswurk in slok op in boarrel. Dizze kommisje organisearre ek mei regelmaat jeugdtoernoaien, wêrûnder in grut jeugdtoernoai by it 10-jierrich bestean yn 1979.

Wat ek nochal wat tiid, ynset en geduld frege wie de dielname oan in nij fenomeen.

Dat waard foarme troch dy nije kantine. It gemeentebestjoer hie derop oanstien dat it behearen fan dy akkomodaasje yn hannen kaam fan in kommisje (de ‘kantine-kommisje’). Dy waard foarme troch fertsjinwurdigers fan ‘e beide ferienings dy’t der gebrûk fan makken. Dat wienen dus de fuotbal- én kuorbalklub, resp. V.V.E. en D.O.W. De kommisjeleden, dêr’t foarsitter Annema ien fan wie, naam de ferantwurdlikens foar de kantine op har. Hja moasten besluten nimme oer ûnderhâld, materialen, jildsaken, ynkeap konsumpsjeartikelen en de ferdieling fan ‘e ynkomsten. Dat lêste wie geregeldwei in punt fan diskusjes dy’t bytiden, ek yn ledegearkomsten

fan ‘e beide ferienings, heech oprûnen. Sa heech dat der op in ledegearkomste fan ‘e V.V.E. nei foaren kaam dat in ‘eigen klubgebou’ op ’t kompleks in oplossing wêze koe foar it almar iggewearjen mei ‘de kuorballers’ oer de sinteraasje. Gelokkich is dat ûnsillige idee nea útfierd…

Privatisering

Op het gehele sportcomplex “De Burgerkamp” (velden en de bijbehorende gebouwen) is in de loop der jaren nogal wat veranderd. In de tachtiger jaren werd er, met de opbrengst van een zeer succesvolle sponsorloop in bestuurskamer aan de kantine gebouwd. Toen de Tennis Vereniging ‘Marslach’ werd opgericht (1996) kreeg deze, met hulp van de gemeente ruimte voor twee tennisbanen op de plaats van de voetbaltrainingshoek. Daardoor moest het – haaks op het hoofdveld gelegen – tweede veld parallel aan het hoofdveld gelegd en een trainingsveld achteraan (noordelijk) op het complex gesitueerd worden. Toen de tennisclub er een derde baan bij kreeg, werd ook de noodzaak voor een eigen verblijfsruimte gevoeld en die kwam er dan ook.

Daarvoor waren er tegenover de bestaande kleedruimtes al twee, veel ruimere, ‘boxen’ en een verbindingsgang bijgebouwd, terwijl ook het vloeroppervlak van de kantine nog weer werd vergroot met een uitbouw aan de zuidkant. Hoewel al dit werk werd gefaciliteerd door de gemeente Tytsjerksteradiel, had het zonder de hulp van tientallen vrijwilligers niet uitgevoerd kunnen worden.

Voor al deze veranderingen was de instemming van de ‘Beheersstichting Burgerkamp’ vereist. Een bestuursorgaan – ingesteld door de gemeente (1993) volgend uit het beleid om verantwoordelijkheid en zorg voor de accommodatie naar de gebruikers te brengen, kortweg ‘de privatisering’ – dat de opvolger was van de eerder genoemde kantinecommissie. Deze Beheersstichting kreeg van de gemeente een startkapitaal (‘bruidsschat’) mee, maar in de praktijk bleek dit niet toereikend voor de uitvoering van al de bovengenoemde aanpassingen. De T.V.’Marslach’ bleef financiëel op afstand van deze stichting, maar steunde wel (hulde!!!) de 4 dorpsveilingen die gehouden werden om de Beheersstichting ‘Burgerkamp’ financiëel te ondersteunen.

Bij zo’n dorpsveiling werden de dorpsgenoten en bedrijven in Eastermar en omgeving gevraagd om een kavel – in de vorm van een voorwerp, dienst, (zelfgemaakte) consumptiesartikelen – aan te leveren. Het aangebodene werd dan op een avond in de gymzaal bij opbod verkocht. In totaal was de opbrengst van deze veilingen, gehouden in 1999, 2004, 2007 en 2011 zo’n € 15.000,-. Een fenomenale prestatie van de betrokken dorpsbewoners en clubleden!

Meest recent zijn de in de zomer van 2016 uitgevoerde aanpassingen aan het interieur van de kantine. Nadat de gemeente toestond ook andere activiteiten buiten het sportgebeuren om (bridgemiddagen, familiefeestjes, vergaderingen van andere verenigingen, e.d.) te vergunnen, vond het stichtingsbestuur dat de kantine daarvoor geschikt gemaakt moest worden. Hiervoor werd – weer niet tevergeefs! – een beroep gedaan op de inzet van vrijwilligers. Met een andere vloerbedekking, wandbekleding, meubelkeuze en barlocatie kreeg de ontmoetingsruimte een geweldige ‘facelift’, die bewondering oogstte van de bezoekers.

Belutsenens

Sportief sieten de V.V.E.-ers ek net stil. Der waarden kampioenskippen behelle mei byhearrende promoasjes. Yn bgl. 1980 waard it flaggeskip fan ‘e klub kampioen fan ‘e 2-de klasse F.V.B. It jier dêrop degradearre dizze A-seleksje lykwols wer nei klasse 3. Yn 1982 waard it 3-de senioare alvetal kampioen yn ‘e 4-de klasse en yn it jierferslach fan dat seizoen as foarbyld foar alle oare alvetallen neamd. Ek de jeugd stie der goed op, omdat sawol A- as C-junioaren yn dat jier de boppeste plakken yn har kompetysjes hellen. Treend waard der ek. In hiele ris treners hat de klub hân, mar ien namme komt in tal kearen werom yn ‘e boeken en dat is dy fan Hendrik Borger.

Bûten it fjild holpen de spilers, bestjoersleden, stipers en âlden fan jeugdspilers mei by aksjes om de finansjele basis fan ‘e klub te ferstevigjen. Te tinken is dan oan de alneamde bazaars, mar ek snert-, húskepapier, koeke-, aaien-, ‘hanging basket’- en âldpapieraksjes (de lêste yn ‘e mande mei de i.b.s ‘De Bolster’). In boppeslach wie yn dit ferbân de ynstelling fan ‘e ‘Klub-fan-100’ ein 90-er jierren, wat ynhâlde dat de leden fan dy klub jierliks 100 gûne (nei 2002 € 45,-) stoarten op ‘e bankrekken fan de V.V.E. It beskikber kommen jild waard brûkt om de útstrieling fan ‘e fuotbalferiening te ferbetterjen: klubjassen foar senioare- en jeugdleiders, in nij elektroanysk skoareboerd by it hoofdfjild, bou ‘dug-outs’ op beide fjilden, ensfh.

Ut dizze ‘Klub-fan-100’ ûntstie de sponsorkommisje en dy hat har fertsjinstlik makke mei it oan ‘e man bringen fan reklamebuorden – ja, dyselde “bûnte flikkerij” (1977!) – fan bedriuwen yn ’t doarp en omkriten, it pleatsen dêrfan en de ynkasso fan ‘e ferskuldigde bedragen. Dizze sponsorkommisje hat foar in grut part de fjildferljochting fan it byfjild yn 2015 mooglik makke.

Dat it mei de stabiliteit fan ‘e V.V.E. wol goed sit docht bliken út it feit dat de klub yn ’t hast 50-jierrich bestean (dat jubileum wurdt fier dyn 2019) mar 6 foarsitters hân hat:

Jelle Hamstra (1969 – 1977), Roelof Annema (1977 – 1990; beneamd ta earelid), Oene Wagenaar (1990 - 2005; ek earelid wurden); Jaap Tillema (2005 – 2007; ús ûntfallen troch earnstige sykte); Ina Lanting (2007 – 2010); stoppe fanwegen har sûnens) en Dries van der Ploeg (2010 – no). De ynset en positiviteit fan de (bestjoers-)leden wurdt op wearde skat troch it Eastermarder fuotbalfolk, want ek oare oanhingers fan ‘e klub waarden beneamd ta ‘leden fan fertsjinste’ (eareleden). Dat binne bûten de boppesteande foarsitters ek noch Albert Bakker, Folkert van Dijk en Bouwe Boersma. Hulde foar dizze klubpromoaters!

Slotwoord

Met deze loftuitingen wordt dit historisch overzicht afgesloten. Voor de V.V.Eastermar lijkt een goede toekomst weggelegd met een 50-jarig jubileum in ’t verschiet. Gezien de bovenstaande feiten en verhalen mag verondersteld worden dat de vereniging met de leden, donateurs, supporters en sympatisanten de volgende halve eeuw met vertrouwen tegemoet kan zien.

DERFOAR!

 

Boarnen: Jubileumboek “25 jaar V.V. Eastermar 1969 – 1994”

Mûnling: Roelof Annema, Oene Wagenaar en Dries van der Ploeg.

Delen

voeg je eigen gadgets toe aan deze pagina!